Frisian

De Ûle en it Poeske

I

De Ûle en it Poeske giene nei see
Yn in prachtige eartgriene boat
Sy namen wat huning en in protte jild mei har mei
Bepakt yn in fiif pûn biljet
De Ûle seach op nei de stjerren
En song mei in lytse gitaar,
“O leaflik Poeske! O Poeske, myn leave,
Wat in prachtich moai Poeske bisto,
Dat biste,
Dat biste,
Wat in prachtich moai Poeske bisto!”

II

Poeske sei tsjin de Ûle, “Do sjarmante fûgel!
Wat sjongste dochs alderleafst!
Lit ús trouwe! Wy hawwe al te lang dreutele:
Mar wat sil as ring tsjinje?”
Sy sylden fuort, en wiene in hiel skoft ûnderweis
Nei it lân dêr't de Bong-beammen groeie.
En dêr stie yn in bosk in Baarch
Mei in ring oan de ein fan syn noas,
Syn noas,
Syn noas,
Mei in ring oan de ein fan syn noas.

III

“Bêst baarch, soesto my dyn ring ferkeapje wolle?”
En it Baarch sei, “Dat wol ik wol.”
Dat sy namen it mei en de oare deis waarden se trouwd
Troch de Kalkoen dy't op 'e heuvel wennet.
Sy dinearren mei mealspul en stikjes parren
Wat sy ieten mei in kjemmige leppel;
En hân yn hân, op 'e igge fan it sân,
Dûnsen sy by it ljocht fan de moanne,
De moanne,
De moanne,
Sy dûnsen by it ljocht fan de moanne.

Translated by Stefan Norbruis